Simmertime 2008 - Reisverslag uit Amsterdam, Nederland van Janke Kampen - WaarBenJij.nu Simmertime 2008 - Reisverslag uit Amsterdam, Nederland van Janke Kampen - WaarBenJij.nu

Simmertime 2008

Door: Janke

Blijf op de hoogte en volg Janke

19 Augustus 2008 | Nederland, Amsterdam

Hjoed sil ik eefkes nei it Frysk oer om't wy hjir it grutste skoft fan de simmer troch brocht hawwe. De datum is 19 augustus en we binne al wer twa wiken drok oant it wurk. It reint, de skilders waaie sawat fan it ledderke en ik sels kry der in min sin fan....

Krekt as de earste wike fan'e bouwvak. Dance Valley de sneons direct. Wat in machtich feest, wat in drek wat in folk, super, oare jier wer! Mar Ronald hie ek besluten dat er dizze wike mar in medaille by inoar rinne moast yn Nijmegen. Flink, stoer, knap, mar werom no krekt yn us fakansje!!! It wie dreech sat west mei it minne waar dat ik hie besluten him mar op te wachtsjen by de finish. Strie min om san oere yn'e moarn siet ik al yn'e trein. Strie min fan't skutsjesilen yn Langwar de deis der foar. Mar man, wat wie it gesellich.
Oan kaam op't station yn Nijmegen in grutte bosk reade gladiolen kocht, dat heard sa sizze se.... No fyn ik tradysjes prachtich, dat ik doch mei fansels. De juste bus sjen te fynen want de mannen yn't grien hiene in oare finish, in bytsje hjearder want sullie moasten ek alle junen noch nei't kamp toffelje.
Ach, wat in begrutsjen hie'k mei sommige fan'e rinners, de boargers mar ek de militairen. De tonge op'e knibbels, sommige jankten sawat fan ellinde. Der wiene jonkjes by dy't wol'k leauwe noch nea by mem fan hus west wiene, krekt yn opleiding en no fjouwer dagen marsjere moasten op fiersten te stugge swarte kisten, en it tempo fan dizze mannen lei flink heech. Ronald run mei in maat/collega tegearre dat sy wiene gelokkich fry as in fugel.
Nei twa oeren wachtsjen mei myn gladiolen en myn minne kop kaam er oan, no ik snel fan de blommen of, Ronald bliid dat er der wie, eltsenien blier.
Mei gang nei us om der te wachtsjen op't moaie waar. Sneon, snein, moandei, Piet Paulusma rop eltse dei, moarn giet it oan, of wie dat Kroes?
Mar einliks.... de tiisdei like it d'r op en binne we ofset nei Lemmer mei us boatsje de Friso. It skutsjesilen fanôf it strân sjoen en
der twa nachten lein. Lekker ût iten west, terraske pakt en de skûten kamen moai oan ûs foarby yn sintrum.
Der nei binne wy rjochting Snitsermar fearn, swommen by Terherne en ha de nacht sliepen yn'e Jousterfeart. De deis der op nei it Skûtsjesilen op de Snitsermar sjoen om yn'e jûn te belannen flak by Drylst. Moai rêstich plakje yn in feart tusken de kij en de skiep. Ronald hie lekker shoarma bakt en mei in pilske wie dat in pracht fan in mieltsje.
De deis der op oer Bolsward nei Makkum, dat woene we mar dat gong net troch. In heal oerke fan Makkum leit in gat, bin de namme kwyt mar nêst Longerhou (as ien dat kin ha jim foart en daliks ek de beker). Hoe dan ek, by dit gat is in brêge, en die brêge giet pas iepen as de brêgewipper belle is troch de skipper.
Dat Ronald belje en ien as oare Judokus soe ut Makkum komme, beloofde fan alles mar kaam net. Ek net doe't Ronald wer belle en wer. Oare deis 10:00 dat koe dan wol. No, wy die nacht, de nacht dat St.nyk ûnder wetter rûn, der sliepe yn it ûnwaar en de rein. Gleonhjit yn't skipke. In rotnacht. Mar der kaam de brêgewipper de moarns en wij op nei Makkum. Troch de slûs en it wie as fearn we langs de costa's Twa nachten yn in gesellich haventsje, lekker BBQ'e, op't strân lein te bakken, Ysko's iten, boekje lêze en fjirders neat.

Nei Makkum rjochting Frentsjer want der is de PC alle jierren en Ronald is grut leafhawwer. Skoan-heit-en mem hiene alwer in moai plakje flak by't sintrum, dat ik wie dik ynoarder. De deis d'r op wer in prachtige sinneskyn dei han op it Tsjukelan en in moai feest d'r om hinne. Paul wie ek wer eefkes oer kaam foar dit barren. De oare deis noflik ontbeten op'e boat fan Harry en Herma om der nei us eigen wei wer te farren. Oer Ljouwert op nei Snits. De leste nacht by de snitsermar en doe yn reinich waar en hurde wyn oer it Margriet nei hûs.
Einde

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Nederland, Amsterdam

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

19 Augustus 2008

Simmertime 2008

19 Augustus 2008

Duitse sneeuw

26 Oktober 2007

Verjaardagskado

11 Maart 2005

China

20 Februari 2005

Actie in Oz
Janke

Actief sinds 30 Nov. -0001
Verslag gelezen: 3435
Totaal aantal bezoekers 62486

Voorgaande reizen:

13 Juli 2013 - 13 Juli 2013

1

13 Juli 2013 - 13 Juli 2013

1

13 Juli 2013 - 13 Juli 2013

1

13 Juli 2013 - 13 Juli 2013

1

13 Juli 2013 - 13 Juli 2013

1

13 Juli 2013 - 13 Juli 2013

1

13 Juli 2013 - 13 Juli 2013

1

01 Juli 2013 - 13 Juli 2013

ozzie

31 Juli 2011 - 21 Augustus 2011

kroatie

01 Augustus 2011 - 03 Augustus 2011

Slovenie

30 November -0001 - 30 November -0001

Peru en Bolivia

30 November -0001 - 30 November -0001

Mijn eerste reis

Landen bezocht: